It is safier! Wy meie it no lûdop sizze. Semko docht mei om it taalplan Frysk út te fieren.
Twa jier ferlyn binne by Semko de petearen yn lytse groepkes úteinsetten op inisjatyf fan Johan Wagenaar. Wy ha petearen hân mei de polityk en de oare organisaasjes dy’t ek meidogge om it plan út te fieren.
Semko sil skoallen begeliede om mear oan it Frysk te dwaan. Dat dogge wy troch te harkjen nei de skoallen. Wêr steane sy en wêr wolle sy hinne?
De begelieders, de saneamde skoalstipers, binne minsken út it ûnderwiis en ferbine dat wat op de skoallen libbet mei praktyske materialen en tips. Der is safollle wat de kollega’s fan CEDIN en AFUK makke ha, dat der is genôch om it Frysk op in moaie wize foarm te jaan.
As Semko fine wy it geweldich dat wy ús stientsje bydrage meie. Wy brûzje fan ideeën en binne al drok dwaande om moaie dingen op te setten. Wy sjogge út nei de gearwurking mei alle oare dielnimmende organisaasjes om it taalplan Frysk foarm te jaan.