Hjir by Semko

Hjir by Semko

op de wize fan “In the navy” fan de Villiage People. 
Skrean troch Jolanda Paulus-Bandsma

Wêr kin’k in soad leare?
Wêr wurd ik wurdearre?
Wêr is sa’n moai plakje dan? 
Wol ik wer foar de klasse?
Soe dat by my passe? 
Wa kin my dat ynsicht jaan? 

Wêr moat ik ea wêze
foar ynfo oer leuk lêzen?
En wat moat’k mei ICT? 
Wêr binne se posityf?
En ek educatyf?
Hasto miskien in ydee? 

Hjir by Semko, by de heryntreed kursus
Hjir by Semko, mei syn allen yn ‘dy bus’                  
Hjir by Semko, yn de pauze smikkelj’we. 
Hjir by Semko, hjir by Semko

Hjir by Semko, giet it oer â-alderpetear
Hjir by Semko en ek oer positive sfear
Hjir by Semko, komt soms in dame of in hear
Hjir by Semko, hjir by Semko 
Ok. 

Klappen, It Is fêst wat, ’t is fêst wat, ít is fêst wat                 
Wer foar de klas                                                        

Dus ik wol nei Semko 
Mar hoe moat dat dan no? 
Wat moat ik dêr dan foar dwaan? 
Kinst efkes in beltsje,
of ek wol in mailtsje
nei Meindert of Annelies dwaan. 

Sy kin’ flot reagearje.
Dat is fet beleanjend.
Ja, do hast echt gau kontakt.
Makkesto in praatsje
en folgt der in ôfspraak.
Dan fielsto dy echt te plak.

Hjir by Semko, wêr’t ik al in soad leard ha.
Hjir by Semko, by problemen helpe hja.
Hjir by Semko, online les troch Corona
Hjir by Semko, hjir by Semko.

Hjir by Semko, wy ha’n soad ‘Mar’- en yn de klas.
Hjir by Semko, mar ach ju, wat hindert dat.
Hjir by Semko, foar elke kursist is er wat.
Hjir by Semko, hjir by Semko.

Klappen, ’t Is fêst wat, ’t is fêst wat, ít is fêst wat, wer foar de klas
Wa ik? 

’t Is fêst wat, ’t is fêst wat, ít is fêst wa, wer foar de klas
Mar, mar, mar ik bin gau warch
He.. frou.. man
Soe’k safolle nije dingen leare kinne dan?

’t Is fêst wat, ’t is fêst wat, 
It slacht my yn de plasse, wat moat ik yn sa’n folle klasse… 
It is fêst wat, wer foar de klas. 

Hjir by Semko, wurkje yn de ynfalpool
Hjir by Semko, ferskate skoallen, groepen: cool!
Hjir by Semko, stelsto dy sels (wer) in doel
Hjir by Semko, hjir by Semko.           

O-op skoalle 
Sjochsto it miskien efkes net
Mar by Semko
Wurdsto fuort direkt oppept!!

Jolanda Paulus – Bandsma 

Back To Top