Hjoed hawwe Deputearre Steaten oan de earste 21 skoallen foar primêr ûnderwiis in
nij Taalplan Frysk-profyl takend. Dit taalprofyl Frysk jout oan op hokker nivo in skoalle it (fak)
Frysk oanbiedt. Alve skoallen krije opnij in A-profyl. Fjouwer skoallen behâlde ek
itselde, mar leger profyl (B, C en F). Fjouwer oare skoallen krije in heger profyl dan se
earst hienen, twa skoallen krije in leger profyl. De provinsje Fryslân stelt eltse fjouwer
jier as ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030 in taalprofyl Frysk fêst foar
alle skoallen yn it primêr en fuortset ûnderwiis.
Deputearre Sietske Poepjes is tefreden mei de earste resultaten: “Ik bin der wiis mei dat de
measte skoallen oant no ta gelyk bleaun binne of deryn slagge binne it oanbod Frysk te
fuortsterkjen sadat sy dizze kear in heger profyl takend krije. Yn de pear gefallen dat de
skoallen in lytse efterútgong yn oanbod en dêrmei it takende profyl sjen litte, hienen de
skoallen dêr in plausibele reden foar.”
Hoe stiet it (fak) Frysk derfoar op de skoallen yn Fryslân? Dat is wat de ûndersikers fan NHL
Stenden Hogeschool ûndersykje yn de 1-mjitting fan Taalplan Frysk. Fan de yn totaal 420
basisskoallen binne der no 50 besocht. Yn de kommende moannen folgje de skoalbesites
fan de oare 370 basisskoallen en 74 ûnderboulokaasjes foar fuortset ûnderwiis yn de
provinsje Fryslân. Yn 2022 binne de einresultaten fan de hiele 1-mjitting bekend. Yn 2016 –
2017 waard foar de earste kear it (fak) Frysk troch NHL Stenden Hogeschool yn kaart brocht.
De befinings fan de 0-mjitting binne werom te lêzen yn it rapport It is mei sizzen net te dwaan
(2018).
Taalprofyl Frysk
In skoalle mei in A-profyl foldocht oan alle easken foar it Frysk ûnderwiis. Skoallen mei in Aprofyl hawwe in folslein Frysk ûnderwiisoanbod, rjochte op û.o. Frysk ferstean, lêze, prate en
skriuwe lykas beskreaun yn de wetlike kearndoelen. Skoallen dy’t in leger profyl krije, hawwe
tydlik noch in frijstelling foar inkelde ûnderdielen fan it wetlik ferplichte Frysk
ûnderwiisoanbod. Bygelyks in skoalle dy’t wol oan de kearndoelen foar Frysk ferstean, lêze
en prate foldocht, mar it skriuwen noch net foldwaande oanbiedt. It doel is dat alle skoallen
yn it primêr en fuortset ûnderwiis yn 2030 in A-profyl helje. Dêrmei ûnderrjochtsje de skoallen
in folslein oanbod kearndoelen yn de Fryske taal en kultuer.
Skoalstiper
Mei it projekt Taalplan Frysk 2030 set de provinsje mei acht taal- en ûnderwiisynstellingen yn
op in breed oanbod foar begelieding, materiaal en neiskoalling. Sa krijt eltse skoalle nei de
skoalbesite foar de 1-mjitting in skoalstiper tawiisd. De skoalstiper is in fêst kontaktpersoan
foar de skoalle foar Taalplan Frysk 2030. De skoalstiper stipet en advisearret by it útfieren
fan de ambysjes fan de skoalle. Tegearre mei de skoalle makket de skoalstiper in oanpak
dy’t past by de wurkwize fan de skoalle. Sa wurket eltse skoalle ta nei in A-profyl yn 2030.
Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter
Skoallen kinne noch oant 18 maaie in subsydzje oanfreegje foar it ferbetterjen fan it fak
Frysk. Der is û.o. subsydzje beskikber foar neiskoalling fan dosinten Frysk, ekstra
lesmateriaal en it ferfangen fan dosinten dy’t in oplieding Frysk folgje. Yn de hjerst fan 2021
giet de regeling op ‘e nij iepen foar alle skoallen yn Fryslân. Ek yn de jierren 2022, 2023 en
2024 kinne skoallen in oanfraach dwaan út de regeling.
WOW Frysk 2030
Dosinten, learkrêften en pedagogyske meiwurkers kinne ynspiraasje opdwaan fia in online
workshopmiddei op woansdei 26 maaie. Der binne online workshops oer it fak Frysk foar
sawol de berne-opfang, (spesjaal) basis en fuortset ûnderwiis en middelber beropsûnderwiis.
Oanmelde kin fia: https://taalplan.frl/wow-frysk-2030-fr/
Taalplan Frysk 2030
It projekt Taalplan Frysk 2030 wurket oan de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en
yn alle ûnderwiisnivo’s. De provinsje set har dêrfoar yn mei taal- en ûnderwiisynstellingen
Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Sintrum Frysktalige Berneopfang (SFBO), Underwiisburo Semko en de Underwiisynspeksje.
Mear ynformaasje oer it projekt is te finen op: www.taalplan.fr