Help, myn bern praat gjin Frysk

Fryske flagge

Help, myn bern praat gjin Frysk

Alden prate beide Frysk mar de pjut praat Hollânsk werom. Ut ûndersyk fan it SFBO die bliken dat dit likernôch by 20 prosint fan de bern foarkomt. Der kinne meardere oarsaken wêze. It iene bern is taalgefoeliger as it oare bern. De meast dominante taal sil it bern prate. Op telefyzje en de Ipad wurdt der meast Hollânsk praat. As it bernedeiferbliuw of de oppas ek Hollânstalich is dan moatte Heit en Mem oan it wurk om dochs it Frysk oan te learen.

Guon âlden tinke dat beide talen op jonge leeftyd praat wurde moatte. Oars hat myn bern in efterstân sizze se. Dat is perfoarst net wier. As jo alle tips hjirûnder folgje dan binne jo goed dwaande om jo bern Frysk mei te jaan. Dochs is der noch genôch Hollânsk om de bern hinne. Yn Fryslân is it Hollânsk oeral en bern pikke dat gau genôch op. As se nei skoalle gean is it Hollânsk de dominante taal en leare se it hiel fluch. As jo bern nei groep 3 noch gjin Frysk praat dan wurdt it hieltyd dreger om de taal noch oan te learen. Oarsom komt eins noait foar. Der binne gjin bern dy’t gjin Hollânsk kinne.

De foardielen fan twataligens is dat bern taalgefoeliger binne. Sy brûke de iene taal om de oare taal te learen. Troch de twataligens kinne jo makliker fokusje. Dat komt omdat jo faak wikselje fan taal. Soks giet ûnbewust en hiel rap. Ek blykt út ûndersyk dat twatalige bern rapper lêzen leare. Sy ûnderskiede gauwer letters en letterklanken.   

Hjirûnder folgje praktyske tips.

Foarlêze

Der binne prachtige Fryske printeboeken. Sykje bewust Fryske boeken út. Begjin op hiele jonge leeftyd al mei foarlêzen. It moat in gewoante wurde om tegearre te sitten en te genietsjen fan taal. Foar jonge bern binne der Fryske wurdboekjes. Mei dy boekjes leare se bygelyks bistenammen. Jo kinne printeboeken eindeloas werhelje.

Foar wat âldere beukers binne der ek prachtige foarlêsboeken lykas Jip en Janneke yn it Frysk. Ek Tomke is in prachtige searje. Hielendal as Tomke ek foarlêzen wurdt op it bernedei ferbliuw en as Tomke ek noch op telefyzje is. Wolle jo hielendal yndruk meitsje brûk dan de fingerpopkes fan Tomke. Sy bewege en it liket as se prate. In protte wille foar Heit of Mem en de bern.

Hjir kinne jo de Fryske Jip en Janneke bestelle: http://websjop.afuk.nl/jip-en-janneke-yn-it-frysk

Hjir kinne jo de fingerpopkes fan Tomke bestelle: http://websjop.afuk.nl/fingerpopkes-fan-tomke

Muzyk

Mei de bern sjonge is net allinnich hiel leuk mar it is ek goed foar it oanlearen fan taal. Der binne in protte prachtige Fryske ferskes. Jo kinne se sa sjonge mar se binne ek op CD. Dochs al op jonge leeftyd de CD oan te dwaan en hearre te litten leare jo de bern útspraak en wurde se bekend mei klanken. In CD faak werhelje is in goede manier om ferskes oan te learen.

Fryske berne telefyzje

Sokkebalje is it nije berneprogramma fan Omrop Fryslân. It is geskikt foar bern tusken de 2 en 10 jier. Sokkebalje is in magazineprogramma mei in samling fan nije en âlde programma’s. It giet om programma’s sa as Tomke, Kening Hert & Harry Hazze, Bear Boeloe, WitWat en Wat tekenje ik. It start om 06:00.

Ek hat de omrop in knop mei Utstjoering mist. Jo kinne op alle mominten fan de dei bern Fryske televyzje sjen litte. Dêrneist is der fan alles te finen op Youtube.

Frysk bernedeiferbliuw en Fryske pjutteboartersplakken

As jo oerdei wurkje en de bern binne nei it bernedeiferbliuw dan soe it geweldich wêze dat de lieders fan de groep Frysk prate. Rûnom yn de provinsje binne der tsientallen Frysktalige berneideiferbliuwen. Sy hawwe ôfspraken makke oer taal. Datselde jildt foar Fryske Pjutteboartersplakken. Wolle jo dat der Frysk praat wurdt mei jo bern gean dan nei in ferbliuw of pjutteboartersplak dat twatalich is. Jo kinne ôfspraken meitsje mei de lieding dat se bewust Frysk prate mei jo bern.

Fryske oppas

Freegje oft de oppas Frysk prate kin. Benammen as de bern in hiele dei by de oppas binne soe it prachtich wêze as der Frysk praat wurdt.

Trijetalige skoalle

In skoalle dy’t bewust omgiet mei taal. Guon skoallen ha gjin taalbelied. Dizze skoallen hawwe in taalmetoade en brûke dy by de beukers. De metoade ‘schatkist’ wurdt faak brûkt. As de bern nei groep 3 geane wurdt ‘veilig leren lezen’ brûkt. Nei groep 4 is der in oare metoade lykas staal of taal actief. Al dizze metoaden binne yn it Hôllansk. It Frysk kriget kwalik oandacht. Op papier 1 oere yn de wike. Op trijetalige skoallen is dat oars. Der wurdt bewust omgien mei trije talen. Sy wikselje de talen ôf. Dat betsjut bygelyks dat der Ingelsk, Frysk en Hôllansk songen wurdt. Foar de Fryske taal is de trijetalige skoalle prachtich. Benammen foar de beukers is it moai omdat Frysk in plak hat op skoalle en net status ferliest oan it Hollânsk. Juf praat ommers ek Frysk.

Fryske spultsjes

Bern boartsje in protte op de laptop of Ipad. Hoe moai is it dan dat der Fryske spultsjes binne. Set de bern sa no en dan achter in Frysk spultsje. De webside dy’t makke is troch de Afûk is prachtich.

http://www.spultsjes.nl/

http://gamefrysk.nl/

Spelletjesplein wurdt in protte brûkt op skoallen. Op dizze side stean in protte edukative spultsjes. Der is ek in Fryske pagina mei spultsjes.

https://www.spelletjesplein.nl/fryske_spultsjes/

Praat mei jo bern

As der yn de húshâlding ek in hollânsktalige is praat dan ôf dat der ien of twa kear yn de wike Frysk sprutsen wurdt. Eltsien docht dan mei. Flaters meitsje is net slim. De bern wurde har bewust dat der ferskillende talen binne en dat jo dat leare kinne. 


Wil je meer blogs lezen van Meindert. Klik dan hier.

Back To Top