Apart

Apart

Frjemde sipel dy’t ik bin… Hoe krij ik it no wer sa bryk foar elkoar? Wat as.. ? Hokker konsekwinsjes hat dat, foar de bern, de kollega’s, de stazjêres en foar myn reputaasje? It is mar sa’n lytse muoite… Komt it omt myn famylje, of yn elts gefal myn man en âlders en skoanmem, der sa nochtern ynsteane? Komt myn hypochondry wer nei boppe?  

O wat moai dat dit ferske no op de radio komt ‘It’s okay to be different, cause baby so am I’, ‘You don’t have to fit into the format’. Moaie tekst, altyd al, mar hielendal foar no! De radio mar wat lûder, mar wat meisjonge, dat helpt tsjin de senuwen en miskien giet myn heazens dan wat oer, en mar fierder ride. It paad is bekind, dus dêr hoe’k gjin pine yn’t liif oer. ‘Komt tiid, komt rie’. En ‘Eangje net’, it spreukje dat eartiids (en noch) by de húsartsenpraktyk boppe de doar stie.  

Dy goeie húsdokter, dat bêste mantsje, wy koenen it poerbêst mei elkoar fine. Beide hienen wy (in) sûne (doasis) selfspot. Mar hy fielde oan wat ik nedich hie en kaam my dêr mei yn de mjitte. Wat moai dat sokke minsken der binne. Dat makket dat ik my in bytsje in ‘gewoanere sipel’ fiel. It is in gelok dat ik hieltyd mear minsken tref dy’t my oanfiele, op in goeie manier op my reagearje en mei my relativearje. Komt dat omt ik, no’t ik âlder wurd, better heare en sjen lit wat ik nedich ha?

Ik bin wol benijd wat se aanst op it wurk sizze. As ik dêr hinne mei. Dat is noch mar efkes de fraach. Ik ha it sa drok mei myself apart finen dat ik sûnder mûlekapke de testlokaasje ynrin. Ynmiddels desinfektearje ik myn hannen wol, op de automatyske piloat..? Gelokkich is de frou by de baly hiel aardich en bringt sy my in ‘mûlemûtske’.  

De ‘snel’test is gau klear. Gelokkich telt dizze ‘testmefrou yn har moanne mantsjes pak’ fan 4 nei 0, en net, sa as de foarige ‘5, 6, 7, 8’.. Sadat ik no er wis fan bin dat se hast klear is mei har (finere as by de ‘gewoane test’) wattentipke. Sy winsket my in noflike dei. Ik siz dat dat fêst slagget as sy erfoar soarget dat ik in negatyve útslach krij.  

Dan stap ik wer yn myn autooke en cruis (ryd) rjochting wurk. It lêste eintsje fan de reis ha’k myn snoadfoan hieltyd by de hân. As ik op de Wifi, fan in bedriuw ûnderweis, kom krij ik miskien de útslach al, sadat ik fuort nei it plak ride wêrt ik wêze moat. Link… Mei de eagen op de mobyl… Dus ik beslút mar ‘gewoan’, mei de mobyl op de byriders stoel, nei skoalle te riden en dêr te sjen oft ik op de Wifi kom en de útslach binnen krij.  

‘Negatyf’, dus ik ha gjin Corona!! Hurd berjochtsje ik in pear neisten, dy’t ik it trochjûn ha, dat ik oké befûn bin en dan app ik it oan de direkteur. As ik skoalle binnen kom sit hy op syn kantoarke. Hy is spesjaal, foar as ik útfalle soe, op skoalle kaam. Mar lokkich!  

De direkteur winsket my in moaie dei en seit ‘Ast graach in kear hearre wolst datst ‘posityf’ bist wol ik it ek wol foar dy opskriuwe hear!’. Mei in grutte glimk om myn mûle rin ik nei de klasse.  

Ik bin der en mei der (fan it RIVM) wêze!  

Skreaun troch Jolanda Bandsma

Back To Top